Drachtster moat foarkomme foar laster en fernieling

© Omrop Fryslân
In 54-jierrige Drachtster wurdt troch justysje ferfolge foar laster en fernieling. De man wurdt der fan fertocht dat hy tusken jannewaris en septimber ferline jier mei e-mails, pamfletten, spandoeken en graffity syn ûnfrede utere oer in útspraak yn in eardere strafsaak. De ûnfrede fan de man rjochte him benammen op plysjeminsken. Dêrneist soe hy in rút fan in gebou oan it Riedhúsplein yn Drachten fernield ha. Hy moat him op 15 maart foar de plysjerjochter ferantwurdzje.