Blog: Pier en Gun-Britt Rijpma

Ofrûne freed (doe't we noch yn Fryslân wienen) kamen we op it spoar fan Pier Rijpma. Hy hat in simmerhûs tichtby de golfbaan dêr't we jûn en moarn sliepe. Fansels moasten we even by him del.
Rijpma en syn Sweedske frou Gun-Britt wenje yn Lund mar ha in selsboud simmerhûs yn Bastad. Rijpma wennet sûnt 1951 yn Sweden. Hy wie 5 jier âld doe't syn heit en mem it beslút namen te emigrearjen. We krigen in typysk Sweeds wolkom: de tafel moai dekt foar de tee en lekkere selsmakke rabarbertaart. Rijpma hat syn famyljeskiednis ferteld al wie it soms sykjen nei Fryske wurden. Logysk as je je hiele libben hast al yn Sweden wenje.