"Caner Cavlan wurdt ferhierd oan Sanliurfaspor yn Turkije"

Caner Cavlan © AWfoto.nl
Hearrenfeanspiler Caner Cavlan sil de kommende moannen spylje foar de Turkske klup Sanliurfaspor. Sa seit FoxSports. Sportklup Hearrenfean en Sanliurfasport soene in oerienkomst hawwe foar de ferhier fan Cavlan, mei in opsje om de spiler te keapjen.
De 24-jierrige linksback moat sels noch in akkoart berikke mei de Turkske klup. Neffens FoxSports is Cavlan fan 'e wike nei Sanliurfa ta reizge om yn de kunde te kommen mei de klup.