Age Okkema set heech yn op hynstekeuring yn WTC

10 jan 2017 - 21:31

Hynstehâlder Age Okkema fan Sigerswâld set dit jier heech yn op de hynstekeuring fan takom sneon yn it WTC yn Ljouwert. Okkema levere de lêste twa jier de kampioen mei Johannes 484 en Tsjalle 454, dus folle better kin it net. Mar Okkema soe Okkema net wêze om de latte noch heger te lizzen. Hy hopet dat syn hynders dit jier stride kinne om de beide heechste plakken fan de keuring, kampioen en reservekampioen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)