Eigener diskoteken yn Drachten yn de klinsj mei gemeente

10 jan 2017 - 20:16
  • Feu op de Kaden yn Drachten

Eigener Jan Just van Bodegom fan de Drachtster diskoteken Feu en Champino fynt dat de gemeente Smellingerlân net goed hannele hat by it ôfjaan fan de fergunnings foar syn ûndernimming. Hy stapte tiisdei nei de bestjoersrjochter mei it fersyk om de gemeente werom te fluitsjen.

Van Bodegom hat Feu en Champino nei in fallisemint oernaam fan de bruorren Boxum. As nije eigener frege er ein 2015 nije fergunningen oan. Dy waarden wegere op basis fan de wet BIBOB. Dat is in wet dy't de yntegerens fan dejinge dy't de fergunning oanfreget, toetst.

Belestingfraude

De âlde eigeners stiene as liedingjaanden oanjûn op de fergunningsoanfraach. En sy hiene earder fan de Belestingtsjinst in boete krigen foar belestingfraude. De gemeente wie benaud dat de nije eksploitaasjefergunning brûkt wurde soe foar nije strafbere feiten.

Weromlûke

Begjin ferline jier frege Van Bodegom opnij de fergunningen oan. No sûnder de nammen fan de âld-eigeners. De fergunning waard doe wol ôfjûn, mar mei betingsten. Ien dêrfan wie dat der gjin gearwurking wêze mocht tusken de nije en de âlde eigeners. Koartlyn frege Van Bodegom ek foar syn ûndernimming yn Grinslân in fergunning oan. Dy waard troch de gemeente Grins yndie ek ôfjûn. Wylst de bruorren Boxum op de oanfraach as wurknimmers oanjûn stiene. 'Dit kan worden gezien als een vorm van samenwerking of een vorm van een zakelijke/financiële band tussen hen. En dus een herleving van het samenwerkingsverband.' sa seit de gemeente Smellingerlân. De gemeente woe de fergunning dêrom weromlûke.

Skea

De advokaat van Van Bodegom fynt it 'van de zotte' dat Smellingerlân oeral yn Nederlân foarkomme wol dat der in gearwurking is tusken Van Bodegom en de bruorren Boxum. 'Dit gaat veel te ver'. De sluting fan de diskoteken hat Van Bodegom in soad jild koste. As de rjochter it gemeentlike beslút fan Smellingerlân weromdraait, dan is it foar de nije útbater mooglik om de skea te ferheljen op de gemeente.

De rjochtbank docht yn de kommende seis wiken útspraak yn dizze saak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)