"Akwadukt Burgum foar ein fan dizze wike wer klear"

10 jan 2017 - 18:36

It nije akwadukt by Burgum is foar de ein fan dizze wike wer folslein te brûken, seit deputearre Sietske Poepjes. Ferline wike is oan beide kanten fan it Hendrik Bulthuisakwadukt in rydstrook ôfsletten fanwege lekkerij.

Neffens Poepjes is it hiel normaal dat in akwadukt wat lekt, hielendal krekt nei in oplevering. De oannimmer is der no mei dwaande. Dy hat no noch oant 31 maart de tiid om it probleem hielendal ûnder kontrôle te krijen. Ien en oar kostet de provinsje neat. Sokke saken sitte noch yn de garânsjeperioade, seit Poepjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)