Blog: We ferlitte Fryslân

28 maaie 2012 - 07:49

Sneintemoarn 8 oere sette we de kilometerstân op nul. Prachtich sinneskyn waar, termoskanne kofje en lekkere broadsjes mei. Underweis yn Dútslân rinne we tsjin ferskillende 'baustelle' oan. Kertier foar trijen sitte we op de boat fan Puttgarden nei Rodbyhavn. Trije kertier hearlik genietsje yn de sinne op it dek. Dan richting Kopenhagen. Oer de Öresunds Bron - de 16 km lange brêge tusken Denemarken en Sweden (http://nl.wikipedia.org/wiki/Sontbrug) - en foar Malmo lâns omheech. Bastad ha we gau fûn, en foar't we it witte sitte we op in balkon oan de golfbaan, ús earste sliepplakje.

Trefwurden: 
argyf Sweden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)