Sympoasium oer Alma-Tadema yn Fries Museum

Gerrit Breteler en Doet Boersma yn it Fries Museum by de Alma Tadema tentoanstelling © Omrop Fryslân - Aukje de Hoop
Yn it Fries Museum yn Ljouwert is nije wike in sympoasium oer de Fryske skilder Alma-Tadema. Dêr is op it stuit in grutte útstalling oer yn it museum. Op it sympoasium prate saakkundigen oer Alma-Tadema as skilder, archeolooch en histoarikus. De New Yorker Peter Trippi iepenet it kongres. Hy is ekspert op it mêd fan 19e-iuwske skilderkeunst.
Laurens Alma-Tadema wie ien fan de súksesfolste skilders fan de 19e iuw. It Fries Museum hat foar de tentoanstelling mear as tachtich fan syn wurken út de hiele wrâld nei Ljouwert helle.