Nij ûndersyk feartsjinst Holwert-It Amelân

Fearboat Oerd fan Wagenborg © Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Der komt in nij ûndersyk nei de feartsjinst tusken Holwert en It Amelân. De gemeente hie by it ministearje op in ûndersyk oantrune, fanwege de fertragingen mei de fearboaten. Minister Melanie Schultz van Haegen hat yn in brief oan de gemeente tasein dat in ûnôfhinklike partij it ûndersyk útfiere sil.
Yn it ûndersyk wurde alle farianten foar in nije tsjinstregeling meinaam. Undersocht wurde ûnder oare de ynset fan in ekstra boat, de miening fan de passazjiers en de oansluting fan de fearboaten op de bussen en taksys.
Neffens boargemaster Albert de Hoop binne de útkomsten net foar april bekend.