Appelskea moat toeristyske attraksje wurde

De gemeente Eaststellingwerf ynvestearret de kommende trije jier 700.000 euro yn Appelskea. Mei de ynvestearring wol de gemeente it doarp op 'e nij op de toeristyske kaart sette. Appelskea moat as it oan de gemeente leit, yn de top 10 fan toeristyske nijsgjirrichheden fan Nederlân komme.
Neffens it kolleezje hat it doarp mei de lizzing yn de natuer, it fernijde sintrum en de goeie kuierpaden in soad pluspunten. De gemeente sil mei de plannen gearwurkje mei lokale ûndernimmers, ferieningen en ynstânsjes.