Wêrom nimt it tal strânljippen ôf? Undersyk op Flylân

Strânljip yn de Waadsee © Omrop Fryslân
It Nederlands Instituut voor Ecologie docht yn gearwurking mei Sovon Vogelonderzoek Nederlân ûndersyk nei de oerwinterjende strânljippen yn natuergebiet de Vliehors op Flylân. Se hoopje der sa achter te kommen hoe't it kin dat it tal strânljippen yn Nederlân de lêste jierren yn rap tempo ôfnimt. Tsientallen strânljippen wurde dizze en kommende winters foarsjoen fan GPS-stjoerders en kleurringen. De fûgels kinne sa goed folge wurde en leverje ynformaasje oer fleanbewegingen en gedrach.
Troch de GPS-stjoerders kin bygelyks ek ûndersocht wurde as aktiviteiten as kokkelfiskerij en loftmachtoefeningen ynfloed hawwe op it gedrach fan de strânljip. It ûndersyk duorret oant en mei de winter fan 2019.