Auto's baarne út yn Ljouwert en Kollumerpomp

Op de Amelânsdwinger yn Ljouwert is sneontenacht in auto útbaarnd. In bewenner kaam thús nei in feestje en seach dat de auto yn 'e brân stie. Hy belle 112. De brânwacht hat it fjoer útmakke. Troch de hjitte ûntploften de bannen fan de auto. In bergingsbedriuw hat de auto meinaam.
Ek yn Kollumerpomp baarnde sneontenacht in auto út, dat wie oan de Kwelderwei. De foarkant fan de auto baarnde folslein út. Ek hjir hat in bergingsbedriuw de auto fuortsleept.
Yn beide gefallen is it noch ûndúdlik hoe't de brân ûntstean koe.