Aris wint mei 94-85 fan basketbalklup Apollo

© Omrop Fryslân
Basketbalklup Aris hat sneontemiddei yn Amsterdam mei 94-85 wûn fan Apollo. De basketballers wienen goed oan inoar weage en bleaunen mei de punten tichtby inoar. Yn de rêst wie it 39-40. De Ljouwerter basketballers krigen op de ein fan de wedstriid de smaak goed te pakken en hellen úteinlik de oerwinning. Woansdei giet Apollo opnij de striid oan mei Aris, dan foar de beker yn it Kealledykje yn Ljouwert.