Bekhofskâns by Aldeberkeap krijt opknapbeurt

De histoaryske Bekhofskâns by Aldeberkeap krijt in grutte opknapbeurt. De skâns waard brûkt yn de 80-jierrige oarloch as ferdigening tsjin de Spanjaarden, mar leit der op it stuit fertutearze by. Op it plak fan de skâns is njoggen jier lyn in poarte pleatst, mar dy sil ferdwine om't dy oan it rotsjen is.
It doel fan de opknapbeurt is om de kontoeren fan de skâns mei in hage te aksintuearjen. Ek sil der in kuierpaad komme en it wetter fan de rivier de Lende wer werombrocht wurde by de skâns. Oer it wetter komt in brêge hinne.
Ferskate ynstânsjes as Steatsboskbehear, It Fryske Gea en Lanskipsbehear Fryslân binne by it projekt belutsen. De opknapbeurt kostet 25.000 euro. De gemeente hat dêrfan 6000 euro foar syn rekken naam. De restauraasje sil dizze maitiid úteinsette en moat dit jier klear wêze.
Skiednis fan de Bekhofskâns
De lytse skâns, fan 22,5 meter by 22,5 meter, is yn 1623 boud yn de tiid fan it 12-jierrich bestân. Dat wie in perioade fan frede yn de 80-jierrige oarloch. Uteinlik is der net yn de Bekhofskâns fochten. Yn 1672 sieten der fyftjin man stasjonearre yn de skâns. Yn dat jier kamen hûnderten mannen fan de biskop fan Munster op de skâns ôf en binne tolve fan de fyftjin mannen de dea ynjage. Trije mannen wisten te ûntsnappen.
Yn 1979 waard op it plak fan de skâns in kanon fûn, dat dêrnei opsteld is yn it sintrum fan Aldeberkeap.