Ireen Wüst pakt fiifde Europeeske titel, De Jong tredde

Ireen Wüst is foar de fiifde kear yn har karriêre Europeesk kampioen allround wurden. Op de lêste ôfstân, de 5000 meter, bleau Wüst lang yn de buert fan Martina Sábliková. Dy wûn de ôfstân yn 6.57.47, Wüst ried 7.03.54. Yvonne Nauta waard tredde op de langste ôfstân. Har tiid 7.05.41. Antoinette de Jong kaam út op 7.07.33, goed foar it fjirde plak.
Yn it einklassemint sakke Antoinette de Jong nei it brûns, Martina Sábliková helle it sulver. Yvonne Nauta waard fjirde
Ireen Wüst wûn earder de 500, 3000 en 1500 meter.
Ireen Wüst is no foar de fiifde kear de bêste fan Europa. De oare titels helle se yn 2008 (Kolomna), 2013 (It Hearrenfean), 2014 (Hamar) en 2016 (Tsjeljabinsk). Fierder waard se fjouwer kear twadde op it EK. Dat wie fjouwer kear achter Martina Sábliková, dy't yn totaal ek fiif Europeeske titels hat. Wüst waard yn har karriêre ek fiif kear wrâldkampioen. Boppedat hat se acht Olympyske medaljes: fjouwer gouden, trije sulveren en ien brûnzen.