Tsjerke Jirnsum wurdt mooglik omtsjoend ta wenhûs

De tsjerklike gemeente moat flink talizze op de ferkeap fan de tsjerke fan Jirnsum oan boubedriuw Timmermantsjoender út Garyp. Mar it is it belangrykste dat de tsjerke net sloopt hoecht te wurden, dat fynt tsjerkrintmaster Willem Hansma. It bedriuw wol de tsjerke ferbouwe ta wenhûs. De protestantske tsjerke fan Jirnsum stie al seis jier te keap. Ferline jier simmer wie der ek al in keaper, mar dy heakke ôf doe't bliken die dat omwenners fan de tsjerke beswieren hiene tsjin de plannen foar in groepsakkommodaasje.
De tsjerkrintmasters seine doe dat sloop fan de tsjerke drige, omdat in nije keaper net te finen wie. Hoefolle de nije keaper betelje wol, wurdt net bekend makke. Wol seit Hansma dat dat flink minder is as de 80.000 dêr't earst oer praten waard. Hansma is lykwols ek bliid dat de tsjerke aansens ôf is fan de fêste lêsten fan 2000 euro yn it jier.
De tsjerke fan Jirnsum is fan 1878, mar it is gjin monumint. Wol is it in byldbepalend gebou yn it doarp. De lêste jierren is der mar in bytsje oan ûnderhâld dien. Al in pear kear binne stikken stúkwurk nei ûnderen ta kommen.
Tsjerkeklok
Hansma hie al in keaper fûn foar de âlde tsjerkeklok, dy woe 2500 euro jaan. Dy ferkeap giet foarearst net troch. De tsjerkrintmaster hopet dat de ferkeap foar 1 maart definityf is.