Tribunebrân Boalsert mooglik feroarsake troch fjoerwurk

Foarsitter Arno Wip fan SC Boalsert by de fernielde tribune © Rudy Bouma/FrieslandActueel.nl
Twa fertochten fan de tribunebrân by fuotbalklup Boalsert hawwe harren melden by de plysje. It giet neffens de plysje om twa jonges fan 13 en 14 jier. De haadtribune rekke op moandei 26 desimber slim fernield troch brân. Sa't it no liket kaam dat troch fjoerwurk dat yn in kontener smiten wie, mar smeulen bleau. Der soe gjin sprake wêze fan opsetsin. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk.