Ireen Wüst wint har tredde ôfstân op EK, De Jong twadde

Ireen Wüst liket op it EK allround yn Thialf net te beriden. Op de 1500 meter wie se opnij fierwei de bêste, neidat se freed de 500 en 3000 meter al wûn hie. Wüst klokte 1.56.57. Antoinette de Jong waard twadde yn 1.58.34, Martina Sábliková tredde yn 1.58.72. Yvonne Nauta waard mei 1.59.06 fjirde.
Op de ôfslutende 5000 meter hat Wüst in foarsprong fan rom alve sekonden op De Jong. Sábliková moat goed 17 sekonden goedmeitsje. Yvonne Nauta stiet sechsde nei trije ôfstannen. Mei in goede 5000 meter kin se noch omheech.