Goede foarnimmens op de freedsmerk: "Ik bin perfekt!"

"Ik rook net, ik drink net, ik hoech net ôf te fallen of oan te kommen: ik bin perfekt!" Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk dêr't we fernamen hoe't it eins stiet mei de goede foarnimmens. "Myn goede foarnimmen is om gjin goede foarnimmens te hawwen", "It is in klisjee, mar goede foarnimmens op 1 jannewaris ha gjin nut", tekenen we op.
Oaren hiene se krekt wol: "Ik wol dit jier eins mei pensjoen, dêr ha ik no stappen foar set", "Ik bin yn desimber al begûn mei sûner ite en mear bewege en dat befalt prima!"
Wer oaren sizze: "Ik heb besloten om in augustus de halve marathon te gaan rennen", "Ik volg mijn hart en ga werken voor kansarme kinderen in Indonesië", "Ik wol gewoan wat trochgean mei deis twa jonkjes drinke foar it sliepen gean" en "Voortaan alle straatmuzikanten en draaiorgels geld geven".
En dan wie der ek noch de fersuchting: "Ik zou niet weten wat ik als goed voornemen zou moet kiezen. Er zullen vast verbeterpunten zijn, maar ik ben niet zelfkritisch genoeg waarschijnlijk."