Kjeld: nachtopfang set ekstra bêden del foar dakleazen

Yn de kantine fan de nachtopfang yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De winterregeling fan de nachtopfang foar dak - en thúsleazen is tongersdei yngien. Fanwege de froast hat Zienn yn Ljouwert de opfang fan 40 nei 52 sliepplakken útwreide. En minsken dy't oars bûten sliepe yn Snits en omkriten kinne terjochte yn Sociaal Pension Snits oan de Lemmerwei. De winterregeling giet yn by in (gefoels) temperatuer fan 3 oant 5 graden ûnder nul. Sa't it no liket wurdt de winterregeling sneon wer beëinige.