Gearwurking MCL, UMCG en Martini foar komplekse soarch

Sikehûs MCL yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De direksjes fan it MCL yn Ljouwert en it UMCG en it Martini sikehûs yn Grins sille tenei yntinsyf mei elkoar gearwurkje op it mêd fan komplekse soarch. Dêrfoar ha se tongersdei in yntinsjeferklearring ûndertekene. It giet om medysk spesjalistyske soarch dy't tige yngewikkeld is en dêr't yngrepen foar nedich binne, dy't mar troch in pear minsken dien wurde kinne. De trije sikehuzen wolle mei elkoar de heechkomplekse soarch behâlde foar it Noarden. Dat is net allinnich fan belang foar de pasjinten, mar ek foar de noardlike ekonomy.