Grienôffal Achtkarspelen wurdt winterdeis moanliks ophelle

Griene kontener © Omrop Fryslân, Oetze Deelstra
Yn de gemeente Achtkarspelen wurdt de griene kontener tenei minder faak lege. Yn de moannen desimber, jannewaris en febrewaris wurdt net ien kear yn de twa wiken, mar noch mar ien kear yn de fjouwer wiken it grienôffal ophelle. De gemeente seit dat der yn de wintermoannen minder oanbod is fan GFT-ôffal. Troch de kontener minder faak te leegjen, wurde der kosten besparre.