Keninklike ûnderskieding foar Het Geschenkenhuis yn Balk

05 jan 2017 - 16:48

It doarp Balk is sûnt tongersdei in hofleveransier riker. Het Geschenkenhuis bestiet sûnt 1915 en krige út hannen fan de kommissaris fan de Kening Joan Leemhuis-Stout de keninklike ûnderskieding. De winkel hat sûnt it begjin fan de tweintichste iuw eigendom west fan de famylje De Vries-Jongsma. 

''It sit ús yn it bloed'', seit de hjoeddeiske eigener. ''Wy hawwe in frij konsept en sitte dus ek net fêst oan oare winkels. Der is yn dy hûndert jier in soad feroare, mar wy binne altyd mei de tiid meigien.''

De kadowinkel yn Balk is it fyftichste bedriuw yn Fryslân dat it predikaat 'hofleveransier' kriget, en de twadde yn gemeente De Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)