Ien jier ûnder betingst en taakstraf foar ûngelok Jirnsum

De 19-jierrige bestjoerder dy't yn april ferline jier in deadlik ûngelok feroarsake by Jirnsum, is tongersdei ûnder grutte belangstelling troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta ien jier finzenisstraf ûnder betingst en in taakstraf fan 240 oeren. Ek hat er in rydferbod fan trije jier oplein krigen.
By it ûngelok op de Reinerswei by Jirnsum kaam in 14-jierrich famke út Aldehaske om it libben. Trije oare passazjiers rekken swierferwûne en de bestjoerder sels rekke licht ferwûne. By it deadlik ûngelok ried er tsjin in beam, wêrnei't de auto yn in sleat bedarre.
Tige ûnfoarsichtich
Neffens de rjochter is der gjin sprake fan domdryst riden. Wol wurdt de bestjoerder oanrekkene dat er mar ien autogurdle yn de auto hie. It famke dat omkaam is, hie gjin autogurdle om en fleach dêrtroch troch it foarrút. Dêr komt by dat de bestjoerder hurder ried as tastien is. Al mei al komt de rjochter ta de konklúzje dat de bestjoerder tige ûnfoarsichtich riden hat.
Eask
Tsjin de Jirnsumer wie ein desimber 15 moanne selstraf easke, wêrfan fiif moanne ûnder betingst. It Iepenbier Ministearje hie fierder easke dat er fiif jier lang net autoride mei, wêrfan twa jier ûnder betingst. De man waard domdryst rydgedrach (roekeloos rijgedrag) te leste lein yn ferbân mei it ûngelok. De doe 18-jierrige bestjoerder hie krekt syn rydbewiis.
Gjin heger berop
De advokaat fan de Jirnsumer lit witte dat er net yn heger berop giet.