FIDEO: Pakt Age Okkema wer de prizen by Faderpaard 2017?

08 jan 2017 - 11:37

Op 12, 13 en 14 jannewaris stiet it WTC Expo yn Ljouwert yn it ramt fan Faderpaard 2017. De jierlikse hynstekeuring fan de KFPS is bedoeld as seleksje foar jonge hynsten en keuring fan de goedkarde KFPS-stamboekhynsten. Age en Marieke Okkema leveren mei harren hynsten Jehannes 484 en Tsjalle 454 de kampioen op de hynstekeuringen fan de lêste twa jier. Op harren hynstebedriuw yn Sigerswâld wurdt hurd wurke om dat keunstke dit jier nochris te werheljen.

Faderpaard 2017 is op freed 13 jannewaris en sneon 14 jannewaris te folgjen by Omrop Fryslân. Freed 13 jannewaris fan 20.30 oere ôf de Friesian Proms en sneon 14 jannewaris fan 08.30 oere ôf de hynstekeuring op Omrop Fryslân telefyzje, ynternet en de Omrop-app. Sjoggers kinne sneon reagearje fia sms: 06 20 499 199 en Twitter fia de hashtag #HK17. Mear ynformaasje oer it programma fan de hynstekeuring en Friesian Proms is te finen op de spesjale side fan it Faderpaard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)