Opheffing Littenseradiel mooglik min nijs foar basisskoallen

It opheffen fan de gemeente Littenseradiel hat ek gefolgen foar de lytsere basisskoallen. Yn Littenseradiel leit de opheffingsnoarm no op 33, mar yn de gemeente Ljouwert, dêr't in oantal doarpen aanst by hearre, leit dy noarm op 91. Der hat al oerlis west tusken Littenseradiel en Ljouwert, mar dat hat net in ienriedich beslút opsmiten.
Ljouwert wol ta op ien ûnderwiiskoepel foar alle basisskoallen, mar de besteande koepels wolle dat net. Littenseradiel wol dêrom dat Ljouwert by de minister fan ûnderwiis freget om spesjale maatregels foar de lytsere skoallen.
Oplossing
It ynstellen fan in aparte noarm foar plattelânsskoallen en skoallen yn de stêd liket in maklike oplossing om lytse doarpsskoallen iepen te hâlden, mar sa'n noarm kin der ek foar soargje dat skoallen yn de stêd ticht moatte. Dat seit wethâlder Harry van der Molen fan de gemeente Ljouwert.