Wurkstraf foar Drachtster (27) om bedriging fia Facebook

Rjochter © Omrop Fryslân
In 27-jierrige ynwenner fan Drachten is feroardiele ta 50 oeren wurkstraf, omdat hy ferline jier immen fia Facebook beledige en bedrige hat. Hy brûkte dêrby de wurden 'achterlijke kankerdebiel' en drige him de kop yn te slaan. Hy tocht nammentlik dat dy oare berneporno ferspraat hie, mar dat wie net wier. Hy hie him dêroer opruie litten troch syn skoanfamylje.
De Drachtster komt ek ûnder tafersjoch fan de reklassearring. It slachtoffer easke 500 euro smertejild, mar dat naam de rjochter net oer. De Drachtser hat in lichte ferstanlike beheining en is maklik te beynfloedzjen.