Provinsjes besykje fabryk Tesla nei it Noarden te krijen

Auto's fan Tesla © ANP
De trije noardlike provinsjes besykje mei-elkoar it bedriuw Tesla, dat elektryske auto makket, nei Noard-Nederlân te heljen. Se bondelje de krêften, mar der binne in hiel soad kapers op de kust. Neidat Tesla bekend makke dat se in fabryk yn Europa bouwe wolle, docht ek hiel Europa mei om dy fabryk binnen te heljen. De fabryk jout wurk oan tusken de fiif en tsientûzen minsken.
Yn novimber fan ferline jier hawwe Fryske ûndernimmers nei Silicon Valley west en dêr ek in besite brocht oan de Tesla-fabryk. Deputearre Sander de Rouwe befêstiget dat Fryslân meidocht oan it inisjatyf fan de trije noardlike provinsjes, mar wol net sizze oan hokker lokaasje tocht wurdt yn ús provinsje. Hy soe it fansels moai fine as it yn Fryslân kin, mar as der keazen wurdt foar it Noarden, kin hy dêr ek hiel goed mei libje: "Salang as it mar yn it noarden is."
De provinsje Grinslân hat de Eemshaven as lokaasje yn de oanbieding en de provinsje Drinte soe de fabryk graach sjen yn  bygelyks Emmen, Coevorden of Hoogeveen. Mar der binne hiel wat konkurrinten yn ús lân.
Konkurrint 1: Noard-Brabân
Der wurdt sein dat minister Kamp foarkar hat foar dy regio. Tesla hat al in fabryk yn Tilburg, dêr't auto's foar de Europeeske merk yn elkoar setten wurde. Mei Philips hat ek Eindhoven in soad kennis op dit mêd.
Konkurrint 2: Nijmegen en Arnhem
Nijmegen en Arnhem dogge ek in goai nei de nije fabryk, al is wethâlder ekonomy Zoetelief fan Nijmegen foarsichtich mei de hope om Tesla binnen te heljen. De stêd hat in auto-oplieding en mei NXP in fabrikant dy't chips leveret foar de auto-yndustry mar: "Er is hier niet veel auto-industrie". Dat probleem spilet ek yn Grinslân.
Konkurrint 3: Rotterdam
D66 en it CDA yn Rotterdam hawwe ek wol sin oan Tesla. Sy sjogge it as in grutte kâns om Rotterdam del te setten op it mêd fan skjinne enerzjy en wolle dy lobby mei minister Kamp oanslingerje. Rotterdam sjocht as sterke punten dat it fabryk draaie kin op skjinne wynstroom en dat de haven noch wol romte hat.
Konkurrint 4: Born
Hast net te missen yn de race om Tesla nei Nederlân te krijen: autofabryk VDL Nedcar yn Born. It fabryk dêr't earder Volvo's, Mitsubishi's en Mini's fan de bân rôlen. Sy wolle graach mei Tesla gearwurkje.
Noch mear konkurrinten
En bûten ús lân binne der noch folle mear konkurrinten. In hiel Europa binne hûnderten gemeenten dy't it nije fabryk mar wat graach plak biede wolle. It is dus mar de fraach oft Tesla foar it Noarden fan Nederlân kieze sil, mar 'net sketten, is altyd mis'.