Hoanne fan tsjerketoer Skerpenseel leit op 'e grûn

© De Vries Media
De stoarmige wyn soarge der woansdeitejûn foar dat de hoanne fan de tsjerketoer fan Skerpenseel fan de toer ôfwaaid is. De hoanne hong al in skoftke los, sûnt woansdeitemiddei. De Grindwei wie dêrom ôfsletten foar alle ferkear, sadat net ien rekke wurde koe doe't de hoanne nei ûnderen kaam. Der wie in heechwurker ynskeakele om te sjen wat der dien wurde moast oan de hoanne.