Ljouwerter sliepskippen ynset by bêd-bad-brochje-opfang

De Amanpuri © slaapschepen.nl
Hotelskip Amanpuri fan it bedriuw Slaapschepen.nl dat yn Ljouwert fêstige is, wurdt yn Grins ynset foar de opfang fan flechtlingen. It giet om 112 minsken dy't gebrûk meitsje fan de bêd-bad-brochjeregeling. De groep kin net telâne yn asylsikerssintra en komt op strjitte te stean.
It gemeentebestjoer wol dat net en wurket oan útwreiding fan de opfang foar de minsken.
De nijbou moat takom maitiid klear wêze. Oant it sa fier is, wurde de minsken opfongen op it skip. Dat komt te lizzen by de Berlagebrêge oan de noardkant fan it Eemskanaal.