Efter de skermen yn 1997: "Dokkum is de himel"

It ferhaal fan Henk Angenent en Erik Hulzebosch is bekend. Ek it ferhaal fan Henk Kroes en de organisaasje fan de meunstertocht hat al meardere kearen de wrâld oer west. Sels de hûnderten ferhalen fan de toerriders binne by in soad minsken bekend. Mar hoe wie it tweintich jier lyn foar de minsken dy't dy ferhalen by jo thús krije moasten? Yn in tiid sûnder apps mei ferkearsynformaasje, sûnder digitaal audio- en fideomateriaal, en sûnder smartphones wêrmei't je samar foto's nei de redaksje stjoere kinne.
Omrop Fryslân wie der 20 jier lyn fansels by, en wy fregen fiif ferslachjouwers út dy tiid nei wat harren it measte bybleaun is fan De Tocht op 4 jannewaris 1997. Fierder binne wy yn ús argiven dûkt om al dat moaie âlde radio- en TV materiaal op te sykjen.
(start en finish)Eelke Lok
(start en finish)
"De froast foel yn op 20 desimber 1996. Noch net slim, it kaam net fierder as in graad as fiif. Wy wiene der noch net mei dwaande. Omrop Fryslân hie twadde krystdei in (radio) sport-jieroersjochprogramma yn de grutte seal fan de Cambuur-akkommodaasje. Alle sporters byinoar. Inkeld de maratonriders kamen net. Dy wiene op it iis. Mar it wurd Alvestêdetocht foel noch net. We wiene doe noch frije Friezen, net optreaun troch nasjonale media. Sa fan ach, de earste wike de iisbanen, twadde wike bûtenút en dan mar ris sjen oft dy Alvestêdetocht wat wurde kin. En wy wiene yn 1996 oer de Iselmar riden mar de alvestêdetocht wie net trochgien. Dêroer hiene wy ek in ûnderwerp. Mei Alvestêdefoarsitter Henk Kroes. Ik brocht him nei ôfrin nei de doar. We stiene bûten. Dêr, midden yn Ljouwert, knerpte it der suver oer. We fielden it beide. Henk Kroes pakte jas en tas en gie fuort. Hy sei inkeld noch wol: "Ik leau it giet oan."
Karen Bies
(Dokkum)
"Alle alve stêden wurde ferdield ûnder de ferslachjouwers, en ik mei nei Dokkum. Wat in gelok! Folle better as Drylts of Starum, want dêr binne de riders noch fit en wolle se sa fluch mooglik troch. Dêr hawwe sy gjin tiid foar in radiomikrofoan, want it is te kâld om stil te stean en de Bonkefeart is noch fier.
Nee, Dokkum is it moaiste plak, want it is de lêste stêd fan de tocht. De riders hoege allinnich noch de Dokkumer Ie werom nei Ljouwert. Willem 'Wâldpyk' de Vries en ik hawwe yn Dokkum de taken ferdield: hy docht ferslach fan de wedstriid, ik praat mei de toerriders. It is in swart-wyt foto, mar jimme sjogge dus in blauwe Omrop-jas, in swarte mûtse en reade wangen. Ik haw de folsleine dei kâlde fuotten, ek al sitte der kranten ûnderyn myn kistjes. Sa no en dan waarmje ik efkes op yn de radiowein. Dêr hear ik de snik yn 'e stim fan Eelke Lok, as hy fertelt dat Klasina Seinstra de earste frou is dy't oer de finish komt. Wat bin ik grutsk op Klasina, en wat soe ik ek graach maratons ride kinne.
Ik sjoch riders dy't Dokkum yn komme. Optimistysk, hoopfol, de rêch efkes rjocht. De earmen los, breedút swierend, fan links nei rjochts oer it Lyts Djip. De laitsjende en sjongende stêd hellet eltse rider yn as in ferlerne soan. Der is poeiermolke en bearenburch. Riders gean op knibbels om it iis te tútsjen. Dokkum is hjoed de himel."
Andries Bakker
(Starum)
"Yn 1997 wie ik hast ien jier freelance-sportferslachjouwer by Omrop Fryslân. As ien fan de 'jonkies' mocht ik op 4 jannewaris 1997 nei Starum ta. De grutste spanning hie ik foardat de kopgroep by my del kaam. Ik hie in apparaat foar de radio mei (in Youkom ISDN as ik my net fersin). It die bliken dat dit apparaat net tsjin kjeld koe. Dat wie net yn 't foar test, dus nimmen wist dat. Wat ik ek besocht, kontakt mei de studio yn Ljouwert krige ik mar net. Undertusken hie de kopgroep de wyn yn de rêch yn de lus troch de Súdwesthoeke. Sy koene elts momint yn Starum komme. Uteinlik, flak foardat de earste riders yn Starum oanriden kamen, wist Eelke Lok, dy't by de finish oan de Bonkefeart siet, in manier om it apparaat 'analooch' oan de praat te krijen. Fiif minuten foar healwei achten stie ik mei it swit op de foarholle klear om myn live-ferslach te dwaan. Mar doe't ik de earste riders yn de fierte seach, spruts regisseuse Iet van der Tol foar my dramatyske wurden: "Andries, we geane der no even út foar nijs en reklame." Doe't de útstjoering dêrnei wer útein sette, wie de kopgroep al Hylpen passearre. Wat der foar my oerbleaun, wiene petearen mei de toerriders. Ek moai, mar ik hie graach de kopgroep mei myn kommentaar troch Starum begelaat."
(Bartlehiem)
"Fansels wie ik dy moarn ier en betiid. Trije minsken foar de technyk dy't de Omrop ynhierd hie leine noch lekker op it útfanhûzersbêd en de bank. Letter soene se by Bartlehiem ynsetten wurde. Ik gong fan Reduzum nei Ljouwert. Ik wie noch mar krekt by it FEC doe't der noch in auto stoppe en fuort dêrnei noch ien. Kollega Eelke Lok stapte út de iene, foarsitter Henk Kroes en in ferslachjouwer fan Radio 1 út de oare. It wie noch gjin fjouwer oere, mar it gong oan! Sa begûn in geweldige dei. Earst ferslach dwaan by de Swettehaven, dêrnei by it brechje fan Bartlehiem. Graach noch sa'n dei foardat ik oer in tal jierren út it wurk bin."
(Ljouwert)
"It wykein fan 4 jannewaris wie pland. We sille nei Eurodisney, mei de folsleine famylje. Soan Bartele is fiif, dus dat moat echt heve...
Mar yn desimber begjint it ûnrêstich te wurden. It friest dat it klapt. En it set ek noch troch. En dan wurdt it serieus. En mem wurket by de Omrop. Al wiken yn de besnijing fan iis en de fraach...giet it oan?
En dan komt de meidieling fan Henk Kroes...Ja! It giet oan!
Twa jier nei de oprjochting fan Omrop Fryslân telefyzje komme we foar in megaput te stean. De Alvestêdetocht ferslaan. Geweldich! Gjin Eurodisney. De reis wurdt ôfsein. Mar der komt in gruttere “kermis” foar werom. Wat sis ik: in achtbaan!
3 Jannewaris is de ynskriuwing yn it FEC, de Frieslandhal. As jonge presintator wurd ik dêr delset. It is in geweldige drokte yn de hal. It sidderet, minsken binne oerémis. En ik mocht derby wêze. Al wiken ferslach dien fan tariedingen, rayonhaden oeral yn de provinsje, mar no wie it safier. Lyts detail: by de Bonkefeart hie ik noch nea west.
Live útstjoeringen, en prate mei elkenien yn de hal dy't in ferhaal hie. It wie genietsjen. Sykje om de goeie persoanen, al wie dat net dreech: elkenien hie wol in ferhaal. De measten fleurich! Mar der wiene lykwols ek oere lûden, en ien dêrfan is my altyd bybleaun: Joost van Dam. Ik hie ‘m al in skoftke yn de peiling. In man dy’t mei panyk yn de eagen stressed hinne en wer fleach troch de hal. Ik spruts ‘m oan en doe kaam der ien bak emoasje oer my hinne. De man wie yn sân hasten út Australië weikaam. Hy hie it fleantúch pakt, de redens meinaam en soe de Tocht der Tochten ride. Al syn libben lang lid sei er. Mar by de ynskriuwing die bliken dat hy hielendal gjin lid wie. Syn kontribúsje wie al jierren net oankaam. Unferbiddelik wie de organisaasje. Ik begrutte my ta de teannen út! Wat in drama, ik hie in gûlende man foar de kamera en koe ‘m net helpe. Henk Kroes, de foarsitter ha’k noch foar de kamera helle, mar neat holp. Van Dam mocht net ride!
Mar al dy oaren wiene der klear foar!
De nacht brocht ik troch op de redaksje. Sliepsekje en matsje mei en sliepe yn de fergaderkeamer. Want moarns om 4 oere moast ik wer op myn post. It kabaal fan feestfierders skalde oer de Nijstêd. De nacht fan de nacht wie prachtich, mar ik fernaam der net safolle fan.
En doe de start. Wat in fenomenale belevenis. En ik wie derby! Ik mocht ferslach dwaan. Ik seach de minsken fris en fruitich de hal útgean, fol fertrouwen en somtiden ek ûnwis. Wat stiet ús te wachtsjen...
In drokte fan belang oant elkenien de hal út wie. En doe wie it foar my wachtsje, wachtsje en nochris wachtsje. Yn in suver lege hal. Elkenien wie yn de provinsje útsein ik. It wiene noch gjin tiden fan grutte skermen en dergelike. Fia de redaksje krige ik sa út en troch wat mei oer de wrâld bûten. De gekte by de rûte del, de wedstriid, de toerriders. Neat seach ik, it wie suver nuver! It iennichste dat ik seach wie in gigantyske bulte skuon en klean. It soe letter noch hiel wat wurde foar de riders om dêr harren guod wer wei te krijen.
Nei hast 7 oeren wachtsjen kamen de earste riders wer binnen. Ik hie fansels wol heard dat it Angenent wie dy’t wûn hie. Mar hoe en wat? Gjin flau benul. De wedstriidriders kamen binnen. En de drokte begûn wer. Ynterviews mei elkenien dy’t wat te melden hie. Henk Angenent, Klasina Seinstra, Yep Kramer, no ja en gean sa mar troch.
En doe kamen de toerriders. Ek mei harren hiele ferhalen. Heroyk fan de boppeste planke. De man op houtsjes. Ids Willemsma. Ik makke de grutte flater him te freegjen nei riden op “houtsjes”. Dat wiene it net, sa sei Ids. "It binne houten redens!" Wêrfan akte.
Dit wiene myn twa dagen Alvestêdetocht yn fûgelflecht. Twa prachtige dagen, echt wier. Mar doe’t ik de jûns op ‘e redaksje kaam en al dy kollega’s trof dy’t oeral en nearne west hiene en mei reade hollen dêroer fertelden, waard my wol dúdlik dat ik wol in hiel aparte Alvestêdetocht meimakke hie. Ik hie twa dagen yn in hal stien, it sintrum fan de Alvestêdetocht. Ik haw se ynskriuwen sjoen, fris en fol goeie moed nei de start gean sjoen, en kompleet kapot wer weromkommen sjoen. Mar fan it riden sels haw ik neat meimakke. Hiel apart. Doe’t ik in wike as trije letter mei in kameraman op 'en paad wie en fanút Hurdegaryp nei Ljouwert gong seach ik foar it earst wêr’t de finish west hie, de Bonkefeart. Nea witten dat it dêr wie.
ps. Eurodisney ha we in jier letter dien. Foar de wissigens yn maaie."