Jeroen Piek wol mei crowdfundaksje Pyeongchang berikke

Meidwaan oan de Olympyske Winterspelen fan 2018 yn Pyeongchang. Dat is de grutte dream fan bobslider Jeroen Piek fan It Hearrenfean. Om dy dream wier te meitsjen is jild nedich. Om't it sportbûn NOC*NSF de stekker út it bobslydzjen helle hat, moat Piek sels 7000 euro byinoar bringe. Hy begjint dêrom in crowdfundaksje.
"Ik heb in september de beslissing genomen om dus toch nog een keertje voor mijn sportieve doel te gaan. En ik had al meteen in de gaten dat ik geld nodig had om het te kunnen financieren, want ik werk momenteel maar twaalf uurtjes in de sportschool." sa seit Piek. "Dat is gewoon niet genoeg om het financiële gedeelte rond te krijgen voor een topsporter." Yn ruil foar in donaasje jout Piek ferskate saken fuort, lykas clinics of in stik tekst op syn trainingsshirt. De crowdfundaksje wurdt dien yn oparbeidzjen mei wijzijnsport.nl.
Piek is lykwols noch net wis fan in plakje yn it bob-team. "In oktober dit jaar zal er een selectietest zijn, en daarbij heb ik al doel om bij de beste drie renners van Nederland te komen. En zo hoop ik me in het team te werken. Dat is dan ook de eerste stap die ik moet nemen."
It is net foar it earst dat Piek besiket om yn it bob-team te kommen. Yn 2013 slagge it net, en hy wol dit jier dy ûnderfining ek brûke om der dizze kear wol by te kommen.