Plysje sjit hûn dea yn Ljouwert

De plysje yn Ljouwert hat moandei in agressive hûn deasketten. De hûn wie mei twa oare hûnen losbrutsen fan in bedriuweterrein oan de James Wattstrjitte. De plysje wist twa hûnen ûnder kontrôle te krijen, mar de tredde hûn foel de beide oare hûnen oan. Dêrnei foel de hûn in meiwurker fan de biste-ambulânse oan, gie achter in fytser oan en drige de plysjes oan te fallen. Pepperspray en in warskôgingsskot holpen net, wêrnei't de plysje de hûn deasjitte moast.
De meiwurker fan de biste-ambulânse moast nei it sikehûs. De eigener fan de hûnen, in 44-jierrige ynwenner fan de gemeente Dongeradiel, hat him letter by de plysje meld. De man is oanspraaklik foar de skea en de ferwûningen dy't de hûn feroarsake.