Iepenbierensdei by Tresoar

Nije webside Tresoar
Tresoar makket tiisdei in grut tal nije dossiers en dokuminten iepenbier. Dat wurdt eltse earste tiisdei fan it nije jier dien. Dizze dei stiet bekend as Iepenbierensdei. Net allinnich by Tresoar, mar by alle oerheidsargiven fan it lân ferfalt hjoed de geheimhâlding op in protte dokuminten. De geheimhâlding jildt meastentiids foar in perioade fan 75 of 50 jier. De stikken dy't hjoed frijkaam binne, datearje dus út it jier 1941 en 1966. Elkenien dy't dêr belangstelling foar hat, kin de stikken op de stúdzjeseal fan Tresoar rieplachtsje.
Belang fan iepenbierens
Neffens Tresoar is de iepenbierens hiel wichtich. 'It is in betingst foar it funksjonearjen fan de demokrasy. As oerheidsynformaasje iepenbier is, kin elke boarger ûndersyk dwaan nei it funksjonearjen fan de oerheid.' It grutste part fan de oerheidsargiven yn de kolleksje fan Tresoar is iepenbier, mar foar spesifike dossiers jilde iepenbierens beheiningen. Meastal bart dat om't de stikken privacygefoelige ynformaasje befetsje, tink bygelyks oan de dossiers fan de rjochtbanken en it gerjochtshôf.
It Nationaal Archief yn De Haach hat yn 2010 de earste tiisdei fan it nije jier útroppen ta Iepenbierensdei, om oandacht te freegjen foar it belang fan argiven en fan iepenbierens.