Kollum: "Lige is de nije wierheid"

Willem Schoorstra (1959) is skriuwer en komt fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan en is te folgjen op Facebook.
"It nije jier is amper út ein of ik ha al in knetterjende primeur foar jim: Jacob Stelwagen giet fan Omrop Fryslân nei Radio 2. Mei yngong fan febrewaris sil er dêr moarns de oeren tusken 10 en 12 foar syn rekken nimme.
Ik kin my yntinke dat jim dêr as trouwe harkers fan dit programma raar fan opsjogge. Ik ek. Ik moat der ek fuortendrekt oan taheakje dat it net wier is. Dit nijtsje falt yn de kategory nepnijs. Post-truth, wurdt it ek wol neamd. Dat betsjut safolle as ‘de wierheid foarby’.
Feiten binne net mear belangryk. Emoasjes en persoanlike oertsjûgings, dêr draait it om yn 2017 en de jierren dêrnei. It post-truth tiidrek is oanbrutsen, en wy sille leare moatte om alles dat ús ûnder eagen komt yn ’e kiif te setten. Twiveljen wurdt ús wêzenstastân.
Yn it algemien binne der sa’n fjouwer soarten fan nepnijs. Yn ’t foarste plak hat men it falske nijs mei in polityk doel. Mei opsetsin wurde berjochten de weareld ynstjoerd dy’t politike tsjinstanners min meitsje. Tink bygelyks oan de Amerikaanske ferkiezings, dêr’t jonge computernerds in bûssintsje fertsjinnen mei ûnwiere ferhalen oer Clinton en Trump. Sokke berjochten binne bedoeld om de politike kar fan minsken te beynfloedzjen.
Yn ’t twadde plak is der nepnijs dat bedoeld is om jild mei te fertsjinjen. In sensasjonele kop smyt in bulte klikken op, wêrtroch it ynternetferkear nei sites stjoerd wurdt dêr’t advertinsjes op stean. En dat generearret ynkomsten. Fierders is der noch nepnijs dêr’t it net sasear mei om jild fertsjinjen giet, as wol om oare dingen. Bygelyks radikale websites dy’t propaganda ferspriede, pseudowittenskiplike websites mei falske medyske ynformaasje, en websites dêr’t minsken harren mei komplotteoryen dwaande hâlde.
Nepnijs is en wurdt in grut probleem. De leagen sels, en de reaksje dêrop. Yn Tsjechië ha se dit jier ferkiezings. It ministearje fan Binnenlânske Saken hat dêr 40 sites trasearre dy’t stimming meitsje mei falsk nijs. Dêr sit, neffens de Tsjechen, Ruslân achter. En dus giet de oerheid him dêrmei bemuoien. Op nijjiersdei is yn Praach in spesjale ôfdieling anty-nepnijs út ein gien. Dy sil yn de oanrin nei de ferkiezings de berjochtjouwing ûndersykje fan dy sites, dy’t deistich de publike opiny beynfloedzje en it demokratysk systeem ûnderwrotte.
En ek dat is in gefaarlike ûntjouwing. Want as de oerheid fertellen giet wat je leauwe moatte en wat net, is George Orwell syn 1984 in útmakke saak. Tink yn dat ferbân ek oan it oanpassen fan it taalgebrûk, it útbannen fan wurden as migraasjegolf en allochtoan. It komt der net mear op oan ‘wat’ in saak is (de feiten), mar ‘hoe’t’ wy de saak sjen moatte neffens beliedsmakkers en bestjoerders. Yn Orwell syn 1984 wurket in folslein ministearje oan it oanpassen fan de taal om it yn it ramtwurk fan de regearingspropaganda te krijen…
It binne yngewikkelde tiden, o achte harkers en lêzers. Ien gelok: jim ha de Omrop, dat beaken fan betrouberens. En my, jim tsjinner dy’t ek yn 2017 syn bêst dwaan sil om jim sa goed mooglik op ’e hichte te hâlden."