AED-kast Dronryp fernield

De stikkene AED-kast yn Dronryp © Klaas Koopmans
Yn Dronryp is âldjiernacht de kast fernield dêr't gewoanwei de AED ynsit, dêr't minsken mei in hertstilstân mei reanimearre wurde kinne. It AED-apparaat sels siet der net yn, dat wie der út foarsoarch úthelle. De kast sit oan it gebou fan it multyfunksjoniel sintrum oan de Hobbemasingel yn Dronryp.
De fernieling waard nijjiersmoarn melden. It is noch bekend wa't achter de fernieling sit.