Metershege molkbussen en in grutte klomp as nijjiersfiten

Frijsteat Folgeren hat dit jier as nijjiersstunt twa metershege molkbussen út it Noard-Brabânske Wouw helle. De molkbussen fan seis meter heech stiene oan de A58 en binne krekt foar de krystdagen ophelle. Mei de molkbussen wol de âldjiersploech omtinken freegje foar de krisis yn de lânbou. De organisaasje yn Wouw wie op de hichte fan de stunt en hat ek meiwurke.
Geitefok
De Geitefok yn Aldeberkeap hat dit jier de grutte klomp ophelle, dy't oars yn Tuk by Stienwyk stiet. De ploech hie eins Herbie, de ferneamde kever, ophelje wollen by Utrecht. Mar dêr stuts de plysje in stokje foar. De ploech hat doe yn sân hasten wat oars betocht.
Vesuvius
De âldjiersklup Vesuvius út Elslo kaam mei trije stiennen skiep út Wassenaar. Dêrmei freegje se omtinken foar de wenningbou. It net beboude bestimmingsplan moat better ûnderhâlden wurde. Dat stik grûn fan in bunder oan de eastkant by de Kloosterweg wurdt net beboud om't de bougrûn foar benammen jonge starters te djoer is. De skiep, elk hast 100 kilo, komme fan de parochykearn De Goede Herder.