FIDEO: Spesjale wedstriid mei hynders foar strieslide

PSV Trynwâlden organisearret al jierren op âldjiersdei in wedstriid mei hynders foar de slide. De bisten moatte sa gau mooglik in parkoers yn de maneezje yn Oentsjerk ôflizze wêrby't de menner op strie op de slide sit. Dat stjoert in stik lestiger as in karke en it falt ek net ta om yn lykwicht te bliuwen. Der is ek in duorace, dêrby moatte twa spannen tsjin elkoar stride.