Al hûnderten Fryske klachten oer fjoerwurkoerlêst
By it online meldpunt fjoerwurkoerlêst binne hûnderten klachten út Fryslân binnen kaam. Op de webside fan it meldpunt kinne minsken mei harren klacht terjochte.
De measte reaksjes fan oerlêst komme út de stêd en omjouwing fan Ljouwert. Ek komme der in soad klachten út Drachten, It Hearrenfean en Snits.