Meniste gemeente Koudum hâldt der nei 500 jier mei op
Nei mear as 500 jier komt der sneon in ein oan de meniste gemeente yn Koudum. Fanwegen it fuortgean fan foargonger Jelly Hania is der sjoen oft de gemeente noch takomstkânsen hat. Omdat der de lêste jierren allinne mar minder leden kaam binne wie de konklúzje dat selsstannich trochgean net mear mooglik is.
As ôfsluting sil der sneontemiddei om fiif oere noch ien kear in tsjinst wêze yn de eigen tsjerke. Yn de oeren dêrfoar kin it gebou noch ien kear besjoen wurde. Wat der dêrnei mei de tsjerke bart is noch net bekend.