BMW baarnt út yn Burgumer wenwyk
Yn Burgum is freedtejûn in BMW yn flammen opgien. De auto stie oan de Boargemaster Van Panhuysleane. De brânwacht wie der fluch by, mar de auto baarnde doe al as in fakkel. De oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht.