Surhústerfean yn aksje foar troch brân troffen pear

In grut tal ûndernimmers yn Surhústerfean komt yn aksje foar Alie Schriemer Bouwer en har man Bob. Troch in wenningbrân mei de krystdagen waard harren hûs folslein ferneatige. Sy ferlearen dêrby it dak boppe de holle én al harren guod. De ûndernimmers út it doarp wol se troch dizze drege tiid helpe.
Iten, klean, skuon en de kapper
It inisjatyf fan de aksje foar Alie en Bob komt fan Gerrie Rauwerda, de fiskboer yn it doarp. Hy hearde fan it drama en bea it stel in fergees miel oan yn syn fiskhannel. Dat wie de start fan in rige hertferwaarmjende aksjes. Wylst Alie en har man oan de fisk sieten, kaam der in frou fan in klaaiïngsaak út it doarp binnen en fertelde dat se yn har saak nije klean útsykje mochten.
"Mar dat wie noch net alles. Wy mochten by Huisman twa pear skuon útsykje. En we mochten ek beide fergees nei de kapper", skriuwt Alie op Facebook. Gerrie Rauwerda benadere noch in oantal ûndernimmers oft se helpe woene en sa begûn it te rôljen. De iene nei de oare ûndernimmer benadere Alie en Bob om te helpen.
Wer in bytsje laitsje
Alie en har man binne út de skroeven oer alle help dy't har oanbean wurdt. "Lieve lieve mensen, bedankt. We binne der suver foarwei", seit Alie. Troch alle help giet it pear dochs noch posityf it nije jier yn. "Surhústerfean en omkriten, bedankt foar alle help! De aksjes binne hertferwaarmjend. It fielt as in waarme tekken. Wy kinne wer in bytsje laitsje", sa seit Alie.