Carien Kleibeuker foar tredde kear op rige de bêste op 5000

Carien Kleibeuker hat krekt as de lêste twa jier de 5000 meter op it NK ôfstannen wûn. Yn totaal is it har fjirde nasjonale titel op de langste ôfstân, ek yn 2006 wie se de bêste. Kleibeuker ried 6.58.78, ien tsiende flugger as it kampioenskipsrekôr fan ferline jier. Har tsjinstanner Antoinette de Jong moast mei 6.59.79 yn de lêste rûntsjes belies jaan. Carlijn Achtereekte waard tredde yn 7.00.83, Yvonne Nauta fjirde yn 7.00.95.
Kleibeuker en De Jong hawwe har pleatst foar de 5000 meter op it WK ôfstannen yn febrewaris yn Súd-Koreä.