Spylfilm oer de fibula en it libben yn Winaam

In film fan ien oere en tweintich minuten. Dat is it resultaat fan hast in jier filmje yn it doarp Winaam. In groep fan fiif minsken hat de moaiste mominten en oare gebeurtenissen yn it doarp ferline jier folge en in spylfilm makke oer de ferneamde fibula fan Winaam. ''Yn 2014 hienen wy in reüny fan de skoalle'', sa seit inisjatyfnimster Pia Jellema. ''Dêr waarden doe âlde filmkes draaid. It die bliken dat der sa'n entûsjasme wie foar de filmkes, dat wy seinen: dat wolle wy ek dwaan!''
Sadwaande waard der in jier filme yn Winaam. De ferhaalline giet oer de ferneamde fibula. De film is takom jier te sjen yn it doarpshûs fan Winaam, op 13 en 15 jannewaris.