KNMI jout koade giel foar pleatslik tichte mist
It KNMI hat tongersdeitejûn koade giel ôfjûn foar tichte mist. Yn Fryslân en in grut part fan de rest fan it lân moatte minsken rekken hâlde mei pleatslik tichte mist. Dit kin noch oant freedtemoarn 10 oere duorje.