Tûke pompmeiwurker helpt plysje om brânstofdieven te pakken

© Omrop Fryslân
Troch oplettendheid fan in meiwurker fan in benzinepomp oan de A7 by Terwispel koe de plysje woansdei trije minsken oanhâlde foar it stellen fan brânstof. It trio tankte in grize Opel en naaide út sûnder te beteljen. De meiwurker hie lykwols it kenteken ûnthâlden en joech dat troch oan de plysje. Nei ûndersyk die lykwols bliken dat de kentekenplaten stellen wiene.
Plysjeminsken yn Grinslân seagen dêrnei in grize Opel riden, mei minsken dy't foldiene oan it sinjalemint en hawwe se oanhâlden.
It giet om twa manlju fan 29 en 33 en in frou fan 21 út Grins. Yn de auto fûn de plysje ek noch in jerrycan mei brânstof.