De plysje siket tsjûgen fan mishanneling yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling yn Ljouwert. Nei in stapjûn op twadde krystdei fytste in man om ûngefear 04.45 oere oer it Ruterskwartier. Dêr fytste hy by in groepke minsken lâns dat bot oan it razen en skellen wie.
De man seach noch even om en seach dat ien út de groep him achternei draafde. Hy fytste hurd fuort, mar op de Kelders waard hy ynhelle troch in skooter en klemriden. De bestjoerder begong op him yn te slaan. Yn it sikehûs waard konstatearre dat hy licht harsenletsel oprûn hie.