Mei de bus nei Fryslân foar winterfisktocht by Grou

In bysûnder gesicht by Grou woansdeitemoarn. Mar leafst 40 fiskers út it easten fan it lân wiene mei de bus nei Fryslân kaam foar in spesjale winterfisktocht. Gewoanwei leit de wettersport en dus ek de boateferhier stil yn de winter. Mar spesjaal foar dizze fiskers hie Sylskoalle Pean in tal boaten út de winterstalling helle.
De ferhierder hopet dat de fiskers harren ûnderfining op it winterske Fryske wetter fierder fertelle sadat ek yn de winterperioade mear oan wettersport dien wurde kin yn de provinsje.
It farren yn de winter is net hiel oars as yn de simmer, sa seit de ferhierder, al moatte je wol better op it waarberjocht lette en goeie klean oandwaan dy't beskermje tsjin de kjeld.