Ferkeapeksposysje fan seldsume tegels yn Frjentsjer

'Regts - Antieke Tegels' hâldt fan woansdei ôf in ferkeapeksposysje fan antike tegels yn Frjentsjer. By dizze eksposysje wurde bysûndere stikken oanbean, wêrûnder seldsume 17e iuwske tegels en Frysk en Delftsk diggelguod. It totale oanbod bestiet út hûnderten stikken.
Durk Regts is de inisjatyfnimmer en wol mei dizze eksposysje ek minsken dy't ûnbekend binne mei de antike wrâld waarm meitsje foar tegels en diggelguod. Dêrnjonken binne tegels wer 'hot' en is it in trend om ambachtsprodukten yn it ynterieur te ferwurkjen.