Busruten ynsmiten yn Drachten

Fandalen hawwe fannacht de ruten fan in bus ynsmiten yn Drachten © AS Media
Fandalen hawwe tiisdeitejûn de ruten fan in bus ynsmiten yn Drachten. De plysje krige om tolve oere hinne de melding fan de fernieling oan de Splitting. Neffens de bussjauffeur soene meardere jonges de ruten fan de bus yngoaid hawwe. Se binne noch net pakt.
De sjauffeur hat oanjefte dien fan de fernieling en de gemeente hat it glês oprêden.